Auwerk: Fryske ferkearsbuorden

27 sep 2008 - 08:14

In tal ferkearsbuorden yn de Súdwesthoeke is ferfongen troch in Frysktalige ferzje. It giet om in aksje fan de Groep fan Auwerk, dy't mear romte wol foar de Fryske taal. De groep fynt dat ynstânsjes as Rykswettersteat yn har kommunikaasje it Frysk folweardich brûke moatte. Dat jildt ek foar ferkearsbuorden. Om de eask dúdlik te meitsjen binne yn in tal doarpen yn de Súdwesthoeke buorden mei 'Doorgaand verkeer' en 'Fietspad' ferfryske.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)