Ferlies foar Cambuur

© Omrop Fryslân
Cambuur hat freedtejûn de útwedstriid tsjin Go Ahead Eagles mei 2-0 ferlern. Nei 45 minuten wie it noch 0-0, mar yn it begjin fan de twadde helte gie it mis. Yn de 47e minút kopte Sander Post de bal út in corner achter Van der Vlag. De keeper fan Cambuur gie seis minuten letter sels yn de fout.
Knijnenburg profitearre fan dy flater en sette de ploech út Deventer op 2-0. Cambuur wie dêrnei oanfallend ûnmachtich en ferlear terjochte.