Tsjûgen mishanneling socht

26 sep 2008 - 21:35

De plysje siket tsjûgen fan in mishanneling fan in 47-jierrige Ljouwerter yn de nacht fan snein 21 septimber. De man wie ûnderweis nei hûs doe't er in skop krige fan in man op in fyts.

It slachtoffer draafde fuort, mar kaam dêrnei trije of fjouwer manlju tsjin. Sy skopten de Ljouwerter tsjin de holle. It slachtoffer krige ek noch skoppen nei't er al fallen wie. In ûnbekende man rôp dat de manlju ophâlde moasten. Dy naaiden dêrop út.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)