Kontrôle by merke Westereen

26 sep 2008 - 16:10

De plysje sil ekstra kontrolearje op alkohol en drugs by de hjerstmerke op de Westereen. It is foar it earst sûnt in pear jier dat dy merke der wer is. Earder wiene der by de doarpsfeesten faak problemen. De organisator fan de merke, de plysje en in befeiligingsbedriuw dogge de kontrôles.

Faak is alkohol- en drugsgebrûk de oarsaak fan de measte problemen. De maatregels wurkje ek previntyf. De merke is fan 15 oant en mei 18 oktober.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)