Mear jild foar earmoede

Ljouwert komt earme gesinnen temjitte
Mear famyljes kinne ynkoarten gebrûk meitsje fan earmoederegelingen fan de gemeente Ljouwert. Yn it nije belied is romte foar 1400 gesinnen mear.
Earder koene allinne minsken mei in ynkommen ûnder of krekt boppe it minimumynkommen in berop dwaan op bygelyks bysûndere bystân. Fan 2009 ôf jildt dat ek foar minsken dy't maksimaal 120 prosint fan it minimum fertsjinje. De gemeente lûkt jierliks twa euroton ekstra út foar de gruttere doelgroep.