Binnenstêd sûnder kabel UPC

© Omrop Fryslân
In tredde part fan alle húshâldens yn de binnenstêd fan Ljouwert siet tongersdeitejûn sûnder in sinjaal fan UPC. It giet om alvetûzen oanslutings.
De steuring waard feroarsake troch in probleem by enerzjybedriuw Essent. Dêrtroch koe UPC de ferbining net op oarder krije. Esent hat it probleem oplost sadat ek it kabelsinjaal wer trochjûn wurde koe.