Wurk oan spoar: yn de bus

© Omrop Fryslân
Der ride dit wykein gjin treinen op it spoar tusken Grins en Bûtenpost. Dit fanwege wurk oan it spoar. Ferfierder Arriva set bussen yn om passazjiers ferfiere te kinnen. De bussen ride lykas de treinen twa kear yn 'e oere.
Foar ferfier yn 'e bussen moatte de treinreizgers wol in jildich treinkaartsje by harren hawwe. Moandei ride de treinen wer neffens de normale tsjinstregeling.