Fytsrûte Ljouwert-Warkum klear
De hiele fytsrûte tusken Ljouwert en Warkum is klear. De lêste ûntbrekkende skeakel wurdt freed iepene. It giet om de twa fytspaden Blessum-Hilaardermieden en Hoptille-Panwurksbrêge.
De beide nije fytspaden binne nei de ruilferkaveling oan 'e súdwestkant fan Ljouwert ûntstien. Se binne fjouwer kilometer lang en betelle troch de provinsje en Wetterskip Fryslân.