Besunigings by Princessehof

25 sep 2008 - 16:06

Keramykmuseum Princessehof yn Ljouwert is ferbjustere oer de oankundige besunigings fan it Ryk. Minister Plasterk woe earst alle kulturele ynstellings minder jild jaan. Mar de Twadde Keamer wie dêrop tsjin. No bliuwt inkeld de subsydzjekoarting op ryksmusea oerein.

It Princessehof is in ryksmuseum. It museum soe takom jier 26.000 euro minder krije en de jierren dêrnei it dûbele. Direkteur Cees van 't Veen besiket de besunging oan te fjochtsjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)