Stik 11stêdetocht rint goed

© Omrop Fryslân
Teaterselsskip Tryater hat yn twa wiken tiid 3000 kaarten ferkocht fan 'e foarstelling 11stêdetocht. De foarstelling wurdt spile yn it ramt fan it 100-jierrich bestean fan 'e Feriening Fryske Alvestêden.
By de útfiering fan de 11stêdetocht fan Tryater ride minsken tolve oeren lang mei in bus de alve stêden bydel. Underweis krije se op alle plakken teater te sjen dat giet oer trochsetten, prestearen, de natuer en in minskelibben.