Priis foar sinneboatrace

25 sep 2008 - 15:33

De sinneboatrace hat de Europeeske miljeupriis fan Eurosolar wûn. Dat is in stifting dy't him dwaande hâldt mei it rûnom yn it omtinken bringen fan duorsume enerzjy. Neffens de organisaasje wurdt mei de race it brûken fan sinne-enerzjy op in goede wize oan 'e man brocht.

Ofrûne simmer diene fyftich teams mei sinneboaten fan oer de hiele wrâld mei oan 'e wedstriid lâns de Fryske alve stêden. De race mei de namme Frisian Solar Challenge is wer yn 2010.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)