Bier by Cambuur mei bliuwe

De proef mei it skinken fan bier yn it Cambuur-stadion ûnder wedstriden is goed ferrûn. Dêrtroch mei der yn elts gefal oant de winterstop ta bier ferkocht wurde by thúswedstriden.
Boppedat wurde de needstekken, dy't no foar de noardtribune stean, ferfongen troch definitive. Dêrmei wol Cambuur foarkomme dat supporters achter de goal stean gean en mei bier en oar guod begjinne te goaien. De stekken moatte der by de earstkommende thúswedstriid tsjin Haarlem al stean.