Kultuerfûns helpt filmfestival

It Noordelijk Filmfestival krijt 3500 euro subsyzdje fan it Prins Bernhard Cultuurfonds Fryslân. It festival is dit jier fan 5 oant 9 novimber. It fûns jout ek jild oan de Stichting Uitgeverij Perio foar de publikaasje fan de earste Liwwadder soap.
It Christelijk Gemengd Koor Ere Zij God út Drachten krijt subsydzje foar it jubileumkonsert yn ferbân mei it 100-jierrich bestean. De doarpshuzen fan Rinsumageast en Elahuzen krije ek jild fan it fûns.