Nije fergunning soarchkompeks

25 sep 2008 - 13:51

De provinsje en de gemeente hawwe nije fergunnings jûn foar it nije soarchkompeks yn St. Anne, mar de wenningboustifting doart net te bouwen. De bou leit al mear as in jier stil nei beswieren fan ûndernimmers. De provinsje en de gemeente hawwe no alles opnij besjoen en nije fergunnings ôfjûn. Mar tsjinstanners wolle ek opnij beswier meitsje.

De skea foar de wenningstifting rint ûnderwilens yn 'e tonnen. De direksje hâldt wol betrouwen yn 'e nijbou.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)