UR seach boustrop oankommen

© Omrop Fryslân
De Fryske boargemasters hiene witte kinnen dat de plysje ôfgie op in miljoenestrop. Dat seit de ûndernimmingsried fan de plysje Fryslân. Woansdei waard bekend dat de nije plysjeburo's 69 miljoen euro mear koste ha as begrutte.
De boargemasters binne as regionaal kolleezje ferantwurdlik foar de begrutting. Se binne ferbjustere. Mar dat hie net hoegd, fynt de ûndernimmingsried. Foar de UR kaam it nijs net as in ferrassing.