Trommels foar Black Dyke Band

25 sep 2008 - 10:53

De makker fan slachwurkynstruminten, Majestic Holland út Nijehaske sil ek de kommende trije jier ynstruminten leverje oan 'e wrâldferneamde brassband Black Dyke Band yn Ingelân. De band spilet al in pear jier op slachynstruminten fan it bedriuw. Majestic hat in nij kontrakt tekene en hat ek wer nije ynstruminten levere.

De brassband hat de ôfrûne tiid twa kear yn Fryslân spile. Se hawwe ek bysûndere projekten dien mei Elton John, Paul McCartney en Peter Gabriel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)