Appelskeaster frou ferwûne

25 sep 2008 - 09:57

In 55-jierrige frou út Appelskea is woansdei ferwûne rekke by in oanriding yn har wenplak. Se krige op 'e fyts gjin foarrang fan in 70-jierrige plakgenoat yn 'e auto. De frou bleau lizzen en de man ried earst troch. Hy ferklearre letter dat er de frou pas nei 100 meter lizzen seach.

It slachtoffer is mei ferwûnings oan 'e rêch nei it sikehûs brocht. It rydbewiis fan 'e man is yn beslach naam. It CBR ûndersiket oft de man noch wol goed ride kin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)