Konferinsje oer bedrige talen

© Omrop Fryslân
80 wittenskippers fanút de hiele wrâld prate de kommende trije dagen yn Ljouwert oer lytse talen dy't driigje te ferdwinen. Der wurde op dit stuit noch sa'n 6.000 talen yn de wrâld sprutsen, mar der skynt om de twa wiken ien te ferdwinen.
Om dit proses te fertraagjen of tsjin te hâlden is de Foundation for Endangered Languages (FEL) oprjochte. Op útnoeging fan bestjoerslid Tseard de Graaff hâldt dy har konferinsje dit jier by de Fryske Akademy yn Ljouwert.