Dominobouwen út ein set

24 sep 2008 - 17:48
Foto: Omrop Fryslân

De earste fan 'e 4,5 miljoen dominostiennen is woansdei pleatst yn Ljouwert. Dêrmei wurdt wer besocht in nij rekord del te setten. De bouwers moatte de stiennen yn fjirtich dagen opsette yn de WTC-Expo-hal. De 85 bouwers komme út trettjin lannen. Boargemaster Crone sette it earste stientsje del.

Domino D-Day is al jierren it bêst besjoene Nederlânske televyzjeprogram oer de hiele wrâld. Dit jier wurde 100 miljoen sjoggers ferwachte.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)