Rintsje hâldt no echt op

Rintsje Ritsma drinkt ien op syn ôfskie
Reedrider Rintsje Ritsma fan 'e Lemmer hat woansdei op Flevonice yn Biddinghuzen meidield dat er no echt definityf ophâldt mei wedstriidreedriden. Ritsma wie fjouwer kear wrâldkampioen en seis kear Europeesk kampioen. Hy wûn seis Olympyske medaljes.
Foar de offisjele meidieling hie Ritsma sjoernalisten útnoege op 'e baan. Hy ried dêrmei in rûntsje op skeelers en beantwurde fragen oer syn karriêre.