Wouter bêste krantejonge
Wouter Broekema út Beetstersweach is de bêste krantejonge fan Nederlân. Wouter bringt al in pear jier de Ljouwerter Krante del. Hy krijt in reissjek fan 2000 euro en krekt as elke oare nominearren ek noch in fyts.
Ut elke provinsje kamen twa nominearren. Ien foar de kategory 15+ en ien foar 40+. Wouter wint yn de junioarekategory.