Rjochtsaak tsjin befeiliger

It ynsidint wie by in autorace Rotterdam
De rjochtsaak tsjin de 47-jierrige befeiliger út Snits is woansdeitemiddei oanhâlden troch de rjochtbank Rotterdam. De rjochtbank hat noch in soad fragen.
De Snitser wurdt beskuldige fan dea troch skuld. In ynwenner fan Rotterdam kaam twa jier ferlyn om it libben neidat er troch de befeiliger by de Bavaria City Race yn Rotterdam fan it terrein set waard. De man ferstoar twa dagen nei it ynsidint.