WK winkelkarre smiten

By in supermerk yn Ljouwert is kommende snein it wrâldkampioenskip winkelkarre smiten. De wedstriid wurdt hâlden op it parkearterrein oan 'e Van Loonstrjitte by it treinstasjon.
Der kin meidien wurde op twa ferskate ûnderdielen. By de Long Distance Throw moat in folle winkelkarre sa fier mooglik fuortsmiten wurde. En dan it der ek noch de Throw It In. Dêrby is it de bedoeling om de wein yn in lege goal te krijen.