Ungelok mei Friezen by Ulrum

© Omrop Fryslân
In man út Aldeleie is ferwûne rekke by in ûngelok yn it Grinslanner Ulrum. Hy siet by in Oentsjerker yn 'e auto dy't gjin foarrang krige fan in man út Feandam. Dy sloech mei de auto ôf en seach de Friezen oer de holle. In botsing wie it gefolch en de auto fan de Feandammer fleach yn 'e sleat.
De frou dy't by him yn de auto siet, kaam by it ûngelok om it libben. De Feandammer sels rekke slim ferwûne. De man út Oentsjerk kaam mei de skrik frij.