Fryske 'ufo's' boppe Amsterdam

24 sep 2008 - 11:18

De riedselachtige ljochtferskynsels dy't sneontejûn sjoen binne boppe Amsterdam-Súdeast binne ôfkomstich út Gaasterlân. De regionale stjoerder AT5 makke melding fan frjemde ljochtbollen boppe de stêd.

It giet om Sineeske lampionnen dy't sneontenacht om tolve oere oplitten binne by it iepenloftkonsert fan it Pink Floydprojekt. Yn 'e teatertún yn Riis waarden 38 fan sokke fleanende lampions oplitten as klapstik fan it optreden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)