Mishanneling mei kopstjit

24 sep 2008 - 10:07
Foto: Omrop Fryslân

In Snitser (39) is tiisdei oanhâlden troch de plysje foar mishanneljen fan in 40-jierrige stedsgenoat. It slachtoffer stie mei de auto op 'e Oude Koemarkt yn 'e stêd. De fertochte ried dêr del. Ien fan 'e manlju stuts de middelfinger op nei de oare. De fertochte stapte út de auto en joech it slachtoffer in kopstjit.

De man naaide doe út, mar koe letter oppakt wurde. It slachtoffer rekke licht ferwûne oan de noas en ien fan syn tosken siet los.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)