Ter Horst:Frysk net yn grûnwet

Minister Ter Horst: Frysk net yn grûnwet
As it oan minister Ter Horst fan Ynlânske Saken leit komt it Frysk net yn de grûnwet. Ter Horst sei dat tiisdei op har eigen ministearje tsjin de leden fan it Konsultatyf Orgaan, it advysorgaan fan it ryk op it mêd fan de Fryske taal.
De minister makke ferline wike bekend dat se it Nederlânsk yn de grûnwet opnimme wol as dé mienskiplike fiertaal fan Nederlân. De provinsje Fryslân fynt dat njonken it Nederlânsk ek it Frysk yn de grûnwet heart.