Wurkstraf easke yn sedesaak

© Omrop Fryslân
Tsjin alle trije fertochten fan de sedesaak yn Stynsgea binne tiisdeitemiddei wurkstraffen easke. Ek soene de trije elk 2000 euro skeafergoeding oan it slachtoffer betelje moatte, as foarskot op de úteinlike skeafergoeding dy't it slachtoffer letter noch fan de rjochter tawiisd krije kin.
De jonges fan 15 en 16 wurde fertocht fan ferkrêfting fan in doarpsgenoat dy't doe 14 wie. De ferdigening hat krityk op it ûndersyk.