Seppelin fûn yn Skearnegoutum

De seppelin dy't moandei troch fandalen losmakke is yn Ljouwert, is tiisdeitejûn werom fûn yn Skearnegoutum. Yn in stik lân waard it reklame-objekt fûn troch de boer fan wa't it lân is.
Hy krijt in fleanles oanbean fan de eigner fan de seppelin, Sky Service út Teuge. De seppelin hong boppe it gebou fan GGZ Fryslân om reklame te meitsjen foar harren nije website. Meldingen dat it ding by Stadskanaal fleach, wurde no wat ûnwierskynlik.