Nije foarsitter Raad vd Wadden

23 sep 2008 - 17:54

Miljeuminister Cramer hat tiisdei yn Den Haach de eardere minister en Ljouwerter boargemaster Margreeth de Boer ynstallearre as nije foarsitter fan de Raad voor de Wadden. Dat is in advysorgaan fan it regear oer it Waad- gebiet. De Boer folget Roel Cazemier op, dy't fiif jier foarsitter wie.

Cazemier joech de minister it advys om it Waadgebiet te bestjoeren as in nasjonaal park, dêr't alle belangegroepearrings yn by-elkoar brocht binne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)