Arriva-sjauffeurs nei Q-buzz

23 sep 2008 - 16:57

De takomstige sjauffeurs fan de nije busferfierder Q-buzz koene tiisdei yn Drachten yn de kunde komme mei har mooglike nije wurkjouwer. Mooglik, want it is noch altyd net wis wa't der krekt komt te wurkjen by de nije ferfierder.

Q-buzz hat it busferfier yn Súdeast-Fryslân oernaam fan Arriva en sil ek in grut part fan de hjoeddeistige sjauffeurs fan Arriva oernimme. Mar hokker sjauffeurs oer geane en hokker bliuwe is noch net bekend.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)