Roorda en Janmaat ûnder it mes

De Sportclub Hearrenfean spilers Daryl Janmaat en Geert Arend Roorda moatte beide ûnder it mes. Roorda hat in knibbel dy't net stabyl is. Mei de operaasje sil de skea oan it kapsel makke wurde. Yn 2008 sil Roorda net mear yn aksje komme.
Janmaat hat in blessuere oan de ljisk. Hy hat dit seizoen al spile, mar foel út yn de wedstriden tsjin Volendam en Heracles. Janmaat stiet sa'n seis wiken oan de kant.