Maratonriden net mear live

23 sep 2008 - 15:31
SBS 6 wol ophâlde mei live-útstjoerings

Televyzjestjoerder SBS 6 hâldt op mei it rjochtstreeks útstjoeren fan it maratonreedriden. Se hawwe in kontrakt fan trije jier mei it reedrydbûn KNSB, mar neffens SBS 6 sjogge der te min minsken nei.

It KNSB wol SBS 6 oan syn kontrakt hâlde en tinkt der sels oer om juridyske stappen te ûndernimmen. De earste wedstryd stiet pland foar 2 novimber yn Amsterdam.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)