Dyk Amelân moat 90 sm heger

© Omrop Fryslân
De waadseedyk op It Amelân moat 90 sintimeter heger wurden. Dêrtroch kostet it ferbetterjen fan de seedyk trije kear safolle as yn earste ynstânsje begrutte wie. De kosten komme sawat op 90 miljoen euro.
Ut earder ûndersyk die bliken dat it ferbetterjen fan de gers- en stienbeklaaiïng genôch is, mar nije ûndersiken jouwe oan, dat de dyk 90 sintimeter heger moat. Yn 2011 moat begûn wurde mei it ferheegjen fan de dyk, yn 2015 moat it klear wêze.