Wetterskipslisten krije nûmer

23 sep 2008 - 14:58

Woansdei wurde de kandidatelisten fan de partijen dy't yn novimber meidogge oan de Wetterskipsferkiezings offisjeel jildich ferklearre. Yn in iepenbiere sitting fan it stimburo by it Wetterskip krije de partijen dan ek in listnûmer. Dat bart fia lotting.

Yn totaal njoggen partijen hawwe in list ynlevere. It giet dan om de gruttere politike partijen yn Fryslân, de Partij van het Noorden, Water Natuurlijk, Werk aan Water en Lager lasten Burger.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)