Loverboy oanholden

© Omrop Fryslân
De plysje hat in 21-jierrige man út Almere oppakt. De man wurdt derfan fertocht twa minderjierrige famkes út Ljouwert meinaam te hawwen nei syn wenplak, sûnder tastimming fan har âlders. Dat wie op 16 septimber. In dei letter koe de plysje de man oanhâlde neidat de âlders alarm slein hiene.
De ynwenner fan Almere stiet by de plysje bekend as loverboy. Hy begjint relaasjes mei famkes om se yn de prostitúsje te krijen.