Vroeg Op Stap siket jild

23 sep 2008 - 10:26

It aksjekomitee Vroeg Op Stap is op syk nei jild. De twa inisjatyfnimsters fan de aksje hawwe oant no ta alles sels betelle. It giet dan ûnder oare om reiskosten, telefoankosten en it behear fan de webside.

De kosten wurde de inisjatyfnimsters no te heech. Se binne dêrom op syk nei minsken dy't in finansjele bydrage leverje wolle. Vroeg Op Stap set him yn foar eardere slutingstiden yn de hoareka.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)