Fiskstreupers oanholden

© Omrop Fryslân
De plysje hat dit wykein op de Folkertsleat yn Boarnsterhim fjouwer fiskstreupers oanhâlden. In man út Earnewâld fiske mei fûken dy't allinne troch beropsfiskers brûkt wurde meie. In ynwenner fan Hoogerheide brûkte in ferbean krúsnet.
In man út Geldermalsen waard betrape op it meinimmen fan in snoek, ek dat is ferbean. En in ynwenner fan Krommenie hie 21 angels klear stean foar direkt gebrûk en ek dat mei net. Alle fjouwer krigen in proses-ferbaal.