Fêste brêge foar Oldemarkt

© Omrop Fryslân
De gemeente Weststellingwerf wol it fytsbrechje by de Driewegsluis nei Oldemarkt ferfange troch in fêste brêge. Dat betsjut dat sylskippen en gruttere motorboaten net mear nei Oldemarkt farre kinne. Minsken dy't in skip yn Oldemarkt lizzen hawwe, moatte ek earne oars in lisplak sykje.
Boppedat binne bedriuwen en de havens yn Oldemarkt dan net mear berikber. Dat is in klap foar de wettersport, sa seit Pleatslik Belang Oldemarkt.