Feart Bakkefean net goed

© Omrop Fryslân
Der mankeart in soad oan de feart fan Bakkefean. Dat fine ynwenners en pleatslik belang fan it doarp. Pleatslik belang hat dêrom in klachtebrief skreaun nei Wetterskip Fryslân. De feart is neffens it doarp te ûndjip, der is te folle begroeiing en boppedat soe er simmerdeis ek nochris ferskriklik stjonke.
Wetterskip Fryslân wol noch net op de krityk reageare, omdat it de brief noch net krigen hat.