Boarnsterhim milenniumgemeente

© Omrop Fryslân
It CDA Boarnsterhim wol dat de gemeente har as sechsde Fryske gemeente oanmeldt as milenniumgemeente. Dêrmei wol de gemeente dúdlik meitsje dat sy de acht milenniumdoelen stipet om foar 2015 earmoede, honger en sykte te ferminderjen.
Boarnsterhim set har aktyf yn foar in skjinner miljeu en mear earlike hannel en wol ek de ynwenners mear bewust meitsje fan dit alles, sa seit it CDA Boarnsterhim.