Nij riedslid Opsterland Belang

22 sep 2008 - 19:20

Sikke Marinus folget Tjalle de Jong fan Opsterland Belang op as riedslid en fraksjefoarsitter. De Jong moast ophâlde mei syn politike wurk fanwege persoanlike omstannichheden.

Sikke Marinus wie fan 2002 oant begjin 2008 riedslid, dêrnei wie er as amtner aktyf foar de gemeente Opsterlân. Yn de riedsgearkomste op 6 oktober wurdt Marinus beëdige.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)