Nije lokaasje De Nieuwkomer

22 sep 2008 - 19:17

Kreamkundigepraktyk De Nieuwkomer begjint fan 1 oktober ôf mei sprekoeren yn de Drachtster wyk De Drait. Dêrfoar brûke sy de praktykrûmte fan húsarts Veldkamp oan de Tjonger 139.

De Nieuwkomer is in jier lyn begûn mei sprekoeren froulju dy't swier binne en minsken mei in bernewinsk en hat no al op trije lokaasjes yn Drachten en op 'e Gordyk sprekoeren. Mei de nije lokaasje is de praktyk no foar mear minsken berikber.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)