Dutch Lady fan 'e skappen

Dutch Lady fan 'e skappen helle
Suvelkonsern Friesland Foods hat út foarsoarch trije soarten molke fan 'e skappen helle yn Hongkong, Macau en Singapore omdat der mooglik melamine yn sit. Neffens in wurdfierder giet it om minder as ien persint fan it merk Dutch Lady fan Friesland Foods.
It giet om produkten dy't net troch Friesland Foods sels makke binne, mar troch it Sineeske bedriuw Tianjin Dutch Lady Dairy Foods. Friesland Foods hat in belang fan fiif persint yn dat bedriuw.