Helptsjinsten krije kamera meí

© Omrop Fryslân
Yn de gemeente Achtkarspelen krije de helptsjinsten mei âld en nij in plysjeman mei in kamera mei as se der op út moatte. Dit jier wiene der mei âld en nij in soad problemen yn Achtkarspelen. De maatregel moat oerlêst foarkomme. As der al strafbere feiten pleegd wurde kinne de bylden brûkt wurde om de dieders te pakken.
Der wurdt lanlik al langer praten oer de ynset fan kamera's foar de helptsjinsten, mar yn Achtkarspelen wurdt it mei de jierwiksel echt dien.