Ljouwert: jild foar ekonomy

Krol: 18 miljoen foar nij belied
Yn 2009 sil de gemeeente Ljouwert 18 miljoen euro foar nij belied útlûke. Dat stiet yn de begrutting foar 2009. De gemeente wol ekstra jild stekke yn spearpunten as edukaasje, duorsumens en sport. Mar der wurdt benammen ynvestearre yn de ekonomy fan 'e stêd.
Mei akwisysje wol Ljouwert besykje mear bedriuwen te lûken. De oanlis fan de Heak om Ljouwert yn 2009 moat de stêd better berikber meitsje. Foar de restauraasje fan it Alde begraafplak hat de gemeente yn 2009 gjin jild.