Gearwurking Omrin/Dusseldorp

22 sep 2008 - 11:29

It Fryske ôffalferwurkingsbedriuw Omrin sil yntinsyf oparbeidzje mei ôffalferwurker Dusseldorp út Lichtenvoorde by Arnhim. Dusseldorp is in famyljebedriuw mei goed 500 meiwurkers. It bedriuw is benammen aktyf yn Midden- en East-Nederlân.

Troch de gearwurking mei Dusseldorp is Omrin der wis fan dat de folsleine kapasiteit fan de noch te bouwen reststoffesintrale yn Harns ek brûkt wurdt. Dusseldorp sil ek oandielen fan Omrin-dochter De Jager oerkeapje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)