Fries bûten westen yn Grins

© Omrop Fryslân
De plysje fan Grins hat sneontenacht in man út de gemeente Smellingerlân (24) en in famke (17) út Grins by de Martinitoer yn de stêd bûten westen op strjitte oantroffen.
De man út Smellingerlân hie it famke nei alle gedachten mishannele en wie dêrnei sels yn elkoar slein troch trije Grinzers, twa fan 16 en ien fan 19 jier. De trije jonges en de Fries binne oppakt foar mishanneling. It famke is nei it sikehûs brocht. De plysje is yn it besit fan kamerabylden.