Berkepas wint Aldehoupartij

De lêste keatsdei fan it seizoen, de Aldehoupartij yn Ljouwert, stie yn it teken fan ôfskienimmende keatsers. Chris Wassenaar, Auke van der Graaf, Simon Minnesma, Klaas Berkepas en Tjitte Bonnema keatse takom jier net mear op it heechste nivo. Wassenaar pakte de lytse preemje.
De finale gong tusken de partoeren Klaas Berkepas, Erik Haitsma en Pier Piersma tsjin Martijn Olijnsma, Tjitte Bonnema en Tjibbe Hansma. It partoer Berkepas wûn de finale op 5-2 en 6-6.