Koarte kursus programmearjen

Kursus programmearjen foar frijwilligers
De stifting Friesland Pop organisearret in koarte praktyske kursus programmearjen. De kursus is bedoeld foar (frijwillich) programmeurs, jongerewurkers, bestjoersleden, stazjêrs en learlingen en studinten fan de Fryske popopliedings.
Faak ûntbrekt kennis, ûnderfining en fisy om in goede muzykprogrammearring op te setten. De kursus wurdt jûn yn oktober yn de akademy foar popkultuer. Opjaan kin fia frlpop@keunstwurk.nl.